FNV-enkête by CWI's

FNV ûndersiket tsjinstferliening CWI
FNV Bondgenoten hâldt dizze wike in lanlike enkête ûnder kliïnten fan it UWV, CWI, de gemeentlike sosjale tsjinst en útkearingsynstânsjes. It bûn wol witte oft de kliïnten wol goed behannele wurde troch de ynstânsjes. It giet dan benammen om de tsjinstferliening.
It is de fyfde kear dat it FNV de Grote Wachtkamerenquête organisearret. Meiwurkers fan it bûn gean de kantoaren fan 'e ynstellings bydel.