Nominaasjes duorsum ûndernimme
Trije bedriuwen tingje nei de 'meast duorsume ûndernimming yn Fryslân 2006'. It binne Burggraaf Bouw BV, Ciba Specialty Chemicals en Schuilenburg BV.
Burggraaf monteart prefab wenhuzen en dito bedriuwsgebouwen, Ciba makket tafoegingen foar de ferve- en keunststofyndustry en Schuilenburg makket betonplaten. Oare wike tiisdei wurdt bekendmakke wa't de titel krijt.