Oarlochsbetinking yn Drachten

17 apr 2007 - 11:42

Yn it Van_Haersmapark yn Drachten is moandeitemiddei in oarlochsbetinking hâlden. Fyftjin joaden út de gemeente Smellingerlân binne yn de Twadde_Wrâldoarloch om it libben kaam.

By de betinking wie ek in groep basisskoallelearlingen oanwêzich. Yn in taspraak rôp boargemaster Middel de learlingen op om net fuort te rinnen as bern dy't oars binne narre of útskolden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)