Yllegaal yn restaurant oppakt

17 apr 2007 - 10:47

By in kontôle yn fjouwer restaurants yn Wolvegea hat de plysje in man út Ljouwert oanhâlden dy't yllegaal yn Nederlân wie. By de aksje waarden santjin minsken kontrolearre. Inkeld de papieren fan de man út Ljouwert wiene net yn oarder.

De man is oerdroegen oan 'e frjemdelingetsjinst en fêstset. De kontrôle wie yn it foar oankundige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)