Jong Hearrenfean kampioen

Trainer Hearrefean; GertJan Verbeek
It belofteteam fan de Sportclub Hearrenfean pakte moandeitejûn it kampioenskip. Op sportpark Skoatterwâld waard jong NEC mei 2-1 ferslein. Michael Bradley en Niklas Tarvajärvi makken de Feanster doelpunten.
Omdat konkurrint FC Utrecht yn Arnhem tsjin Jong Vitesse net fierder kaam as 0-0 is Jong Hearrrenfean trije wedstriden foar de ein fan de kompetysje al kampioen.