Littenseradiel: krisis driget

boargemaster Liemburg fan Littenseradiel
Der driget op 'e nij in bestjoerskrisis yn de gemeente Littenseradiel. De ried komt moandeitejûn spesjaal byinoar om te praten oer de spannings dy't der binne tusken de twa wethâlders en de boargemaster.
De wethâlders Doting en Hernamdt en boargemaster Liemburg moatte de ried útlizze wêrom't se problemen meiïnoar ha. Befalt de útlis net, dan bestiet de kâns dat der koppen rôlje.