Mear nêsten fernield as tocht

16 apr 2007 - 16:26

Mear as in kwart fan alle bekende hauknêsten yn Fryslân is ferline jier fernield. Dat is fjouwer kear safolle as yn de rest fan Nederlân. By de muzebiter giet it ek hast om in kwart fan alle nêsten.

Dat de rôffûgelferfolging ferline jier mear as ferdûbele is, wie al bekend. Mar dat it foar dizze soarten sa'n grutte gefolgen hat, dêr skrikke de natuerbeskermers fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)