Mensenbieb komt nei Ljouwert

By de mensenbieb kinne je minsken liene
De Mensenbieb komt op it befrijingsfestival fan 5 maaie nei Ljouwert. De Mensenbieb is gjin bibliobus dêr't men boeken liene kin, mar dêr't men minsken liene kin foar in goed petear. Under in bakje kofje of tee kin men in petear oanknoopje mei in allochtoane man of frou, in homo of immen dy't minder falide is.
Doel fan de bieb is it trochbrekken fan foaroardielen, dy't faak ûntsteane omdat minsken elkoar net kenne.