Belizze kin better

Friezen binne minne belizzers. Dat docht bliken út in ûndersyk under 3500 belizzers fan SNS Fundcoach. De Friezen hellen it ferline jier in rendemint fan 6,8% út harren portefûlje, goed 4% minder dan Noard- en Súd-Hollân, dy't it heechst skoare.
Friezen hawwe wol in soad ûnderfining yn belizzen, neffens Fundcoach, mar se dogge dit mei te folle risiko, wêrtroch der in protte ferlern wurdt. Seelanners dogge it noch minder.