Plan foar nij teater Dokkum

In groep fan fiif Dokkumers wol in folslein nij teater bouwe litte yn Dokkum. It giet om in skouboarch mei op syn minst 550 stuollen en in toanieltoer. Ek soene der in bioskoop en in restaurant yn komme kinne. It projekt kostet sa'n 12 miljoen euro. It teater moat oan de Parkleane komme.
De inisjatyfnimmers binne it net iens mei it plan om partysintrum Colosseum op yndustrieterrein De Hege Diken yn Dokkum om te bouwen ta teater.