Fallissemint net altyd negatyf

16 apr 2007 - 12:10

It sluten fan in bedriuw pakt net altyd negatyf út foar it personeel, ek as dat leech oplaat is. Dat docht bliken by it Ljouwerter bedriuw Tonerfill, dat âlde inktpatroanen ferwurke. Dat hold 1 april op te bestean. Yntusken hat 55% fan de wurknimmers oar wurk fûn en dat rint op nei mooglik 70% dizze moanne.

Fan de fallite fabriken Pieterman en Atoglas binne ek wer in soad âld-wurknimmers oan it wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)