Nij plan sportfjild Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Twa boubedriuwen en wenningstichting Optimaal wolle fiif wedstrydfjilden oanlizze op Frjentsjer-Súd. As fuotbalclub Frjentsjer fierder groeit, kinne dêr ek noch ekstra fjilden oanlein wurde.
Op it plak fan de besteande fjilden soene hier- en keapwenten boud wurde kinne. De kosten soene leger wêze as de 1,4 miljoen euro dy't de gemeente útjaan wol oan it opknappen fan de besteande fjilden.