Fal fan ljedder: swierferwûne

15 apr 2007 - 14:39
Foto: Omrop Fryslân

In ynwenner fan Drachten is sneon swierferwûne opnaam yn it sikehûs yn Grins. De man (44) waard dêr mei de traumahelikopter hinne brocht, neidat er fan in ljedder fallen wie.

De man wie op fjouwer meter hichte oan it klussen oan syn wente, doe't er troch ûnbekende oarsaak foel. Hy kaam dêrby yn syn betegele tún telâne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)