Oanriding Lippenhuzen

15 apr 2007 - 14:31
Foto: Omrop Fryslân

De bestjoerder fan in scootmobiel is sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok by Lippenhuzen. De man (77) stuts in dyk oer op it momint dat der in auto oan kaam. Dy koe de scootmobiel net mear ûntwike.

De bestjoerder is oerbrocht nei it sikehûs op it Hearrenfean. De automobilist rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)