Opsterlân: stipe by keap hûs

© Omrop Fryslân
Opsterlân wol de kommende fjouwer jier njoggen ton útlûke foar starters op de wenningmerk. It bedrach wurdt stoart yn in lanlik fûns dêr't ynwenners fan Opsterlân in berop op dwaan kinne at se har earste wente keapje.
Hoefolle der út it fûns liend wurde kin, hinget fan it ynkommen fan de keaper ôf. Dat ynkommen is ek bepalend foar de hichte fan de ôflossing en de rinte. De rie beslút nije wike oft de stipe foar starters der ek echt komt.