Brede skoalle Snits yn rie

© Omrop Fryslân
Boargemaster en wethâlders fan Snits wolle 9,5 miljoen euro útlûke foar in brede skoalle yn de wyk Duinterpen. Yn dy skoalle komme in iepenbiere en in kristlike basisskoalle, berne-opfang en in gymmestyklokaal.
De plannen binne al yn in fier stadium, de gemeenteried moat noch wol akkoart gean mei de kosten. It giet om ien fan de grutste húsfêstingsplannen foar it basisûnderwiis yn Snits.