Nije tsjinstregeling giet yn

Ferfiersmaatskippij Connexxion begjint moandei mei de nije tsjinstregeling. Der ride dan de helte mear bussen. Mei de útwreiding komt de ferfierder hast temjitte oan de ôfspraken mei de provinsje. Hast, want 19 saneamde flex-haltes yn doarpen lykas Bantegea en Nes kinne noch net oandien wurde.
Ferfiersbedriuw Arriva hat de tsjinstregeling ek oanpast. Der rydt in ekstra trein tusken Ljouwert en Harns, dy't oanslút op de fearboat.