700 Nordic Walkers op Amelân

15 apr 2007 - 08:47

700 minsken ha sneon op it Amelân meidien oan de twadde edysje fan de Nordic Walk oer it eilân. Dielnimmers koene kieze út in rûte oer tsien, fyftjin of tweintich kilometer. Foar it earst wie der ek in Nordic run. Dêr diene 12 minsken oan mei.

De organisaasje is tefreden oer it ferrin fan de dei. Der wurdt besjoen oft it kuierevenemint takom jier iepensteld wurdt foar mear as 700 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)