Aris útskeakele foar play-offs

14 apr 2007 - 22:12
Foto: Omrop Fryslân

Basketbalklub Aris is útskeakele yn de Nederlânske kompetysje. De Ljouwerters ferlearen harren lêste wedstriid mei 96-92 fan Nijmegen. Tsjin de nûmer twa helle Aris alles út de kast en kaam it noch tichtby. Mei noch in pear sekonden te gean miste Amaya in trijepunter en wûn Nijmegen.

Trochdat konkurrinten Leiden en Swolle wol wûnen, waard Aris tsiende. Leiden waard achtste en spilet no noch play-offs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)