Rôze Pompeblêd foar Eenling

14 apr 2007 - 17:01

Teaterdosint en resensint Gooitsen Eenling fan Ljouwert hat it Rôze Pompeblêd krigen. Hy skreau in pear stikken oer begryp tusken minsken. It Pompeblêd is de jierlikse priis foar ien dy't him ynset foar emansipaasje fan homo's en lesbiennes yn Fryslân.

Eardere winners wienen boargemaster Arno Brok fan Snits en psychoterapeute Siny Plooij. De priis waard sneon yn Ljouwert útrikt by de iepening fan de Rôze Wike fan HomoplatformFryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)