Drokte by iepenloftmusea

musea binne fergees tagonklik yn museumwykein
It simmerske waar spile musea mei bûtendoar-aktiviteiten moai yn 'e kaart. Fanwege it museumwykein binne in hiel soad musea sneon en snein fergees tagonklik. De iepenloft-musea krigen in soad pubklyk. Tema dit jier is De Kunst van het waarnemen.
By it Kazematten-museum by Koarnwert waarden de oarlochsjierren ferbylde. Mei âlde legerweinen, tinten en in fjildhospitaal rôpen se de sfear fan doe wer op.