AD-gehaktest: slachter Dees 3e

© Omrop Fryslân
Slachter Dees út Ljouwert makket neffens it Algemeen Dagblad it lekkerste kowegehak fan Nederlân. De krante hat by 65 slachters it kowegehak kontrolearre en dêr in ranglist fan opsteld.
Hoewol't er it lekkerste gehak makket, stiet Dees yn de list net op it earste plak. Neffens it Algemeen Dagblad kin de slachter noch wol wat skjinner wurkje. Dêrom moat er twa grutte supermerken foar gean litte.