Cambuur wint fan Veendam

14 apr 2007 - 00:06

Cambuur Ljouwert hat freed de útwedstriid tsjin Veendam mei 1-0 wûn. De iennige goal foel yn de 37e minút en kaam op namme fan Marinus Dijkhuizen. It wie syn hûndertste kompetysjegoal yn it betelle fuotbal.

Grutte útblinker yn Veendam wie keeper Peter van der Vlag. Mei prachtige refleksen wist er syn goal skjin te hâlden. Van der Vlag pakte yn de twadde helte sels in penalty fan Afonso Guilherme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)