Nije wurkpleats Talant iepene

© Omrop Fryslân
Yn Surhústerfean is freed in nije wurkpleats fan Soarchynstelling Talant iepene.
Dy komt yn 't plak foar fjouwer oare wurkplakken fan Talant yn Drachten, Dokkum en Surhústerfean. Dizze bedriuwen geane ticht, omdat de easken fan de arbeidsynspeksje hieltyd stranger wurde. By it bedriuw wurde ûnder oare houten túnmeubels, fûgelhúskes, berneboartersguod en pallets makke.