Biblioteken hawwe it dreech
De biblioteken yn Fryslân sykje hieltyd faker gearwurking mei oare partijen om de holle boppe wetter te hâlden. Dat waard freed dúdlik by de iepening fan de nije biblioteek yn Wolvegea.
Yn itselde pân as de biblioteek sit ek in histoarysk ynformaasjepunt mei as doel mear besikers te lûken. Want it tal leden nimt ôf en de konkurrinsje is grut.