Nije flaggen foar Brune Float

13 apr 2007 - 16:55

Alle skippen fan de brune sylfloat yn Harns krije sneon fan boargemaster Scheffer in flagge mei it Blue Peter Wettermerk. Harns en de Blue Water Foundation wolle sa oandacht freegje foar it wetterprobleem yn de wrâld. Op tal fan plakken is tefolle wetter en op wer oare plakken is in tekoart.

De 'Blue Petertjes' hiene altyd al in P. Dy stie foar it ôfreizgjen. Dêr is no in wettermerk by kaam. Yn Harns wurdt sneon it nije sylseizoen iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)