Fertochte moard Lulofs frij

13 apr 2007 - 16:13

De fertochte (43) út Twizelerheide fan de moard op Reinder_Lulofs út dat doarp is wer frijlitten. It ûndersyk nei de moard op 'It Ikeboerke' yn 1996 waard ôfrûne febrewaris weriepene, mar hat net genôch feiten opsmiten om de fertochte langer fêst te hâlden.

It ûndersyksteam wurdt no fierder ôfboud en it bliuwt in cold-case saak. De fertochte waard yn febrewaris ek al oanholden en is doe begjin maart wer frijlitten troch de rjochtbank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)