Diskusje oer Stikelsturt-ein

13 apr 2007 - 11:15

Fûgelsaakkundigen en ek it ministearje fan lânbou oerwaagje om in eksoatyske einesoart dy't ek yn Fryslân foarkomt te bestriden. It giet om de 'rosse stekelstaart', in Amerikaanske ein dy't yn 'e jierren fjirtich út Ingelân kaam en hjir no yn it wyld foarkomt.

De rosse stikelsturt bedriget no yn Spanje in oare seldsume Europeeske einesoart, de wytkopein, troch dêrmei te pearjen. Dêrom wurdt neitocht oer it bestriden fan de stikelsturt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)