Undernimmers Langwar net bliid

Soad fragen oer nije plan
De ûndernimmersferiening fan Langwar wol fan it gemeentebestjoer fan Skarsterlân mear witte oer it plan om by it doarp in nij doarpke te bouwen spesjaal foar riken. De ûndernimmers hearden moandei fan it plan en binne net bliid mei de gong fan saken. Se hiene earder ynformaasje ha wold.
De gemeente wol by de Put van Neder- horst oan de Langwarder Wielen in lúks hotel, fakânsjefilla's, in sûnens- sintrum en in jachthaven realisearje.