Aksjes yn it iepenbier ferfier

It iepenbier ferfier yn Fryslân giet oer oardel wike plat. De partijen kinne it net iens wurde oer in nije CAO. De bûnen easkje in leansferheging fan trije prosint, mar de wurkjouwers wolle net fierder gean as 1,25%.
De situaasje is krityk omdat de bûnen en de wurkjouwers net mear mei mekoar prate. De bûnen binne it iens oer wat der yn de nije CAO stean moat en sille mei mekoar oparbeidzje mei de aksjes.