Skoallen helpe nije learlingen

© Omrop Fryslân
De trije Fryske MBO's wolle tenei better sjen nei mooglike problemen by nije learlingen. Troch bygelyks gedrachsproblemen al by it ynskriuwen te sinjalearen hoopje de skoallen de bern better helpe te kinnen yn harren oplieding. Sa moat foarkaam wurde dat de learlingen ôfheakje sûnder diploma.
De MBO-ynstellings wurkje mei Buro Jeugdsoarch oan spesjale kursussen en workshops foar dosinten.