Fryske pleatsen komme om
Der is foar 1 miljard euro oan achterstallich ûnderhâld oan Fryske pleatsen. Dat docht bliken út ûndersyk fan 'e Monumintewacht. De organisaasje fynt dat de oerheid yngripe moat foardat it te let is.
De Monumintewacht hat sechstich pleatsen nei willekar ynspektearre yn opdracht fan 'e provinsje. Deputearre Mulder wol yn alle gefallen subsydzje beskikber stelle foar it opknappen fan dakken fan boerepleatsen.