Learachterstân troch âlden

12 apr 2007 - 15:07

De ûnderwiisachterstannen yn Weststellingwerf komme ek trochdat âlden minder belutsen binne by de skoalprestaasjes fan 'e bern. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Fryske Akademy yn opdracht fan de gemeente.

Yn Weststellingwerf prate âlden minder as yn oare gebieten oer skoalle. Bern wurde dan minder stimulearre. It lytse tal masters hat in minne ynfloed op de prestaasje fan jonges yn de boppebou. Der wurdt fierders wol goed lesjûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)