'Swimbad: te drok mei ferkear'

12 apr 2007 - 14:20

It bedriuw IJsselmeerbeton op 'e Lemmer makket him soargen oer de bou fan in swimbad op it Lemster Strân en de gefolgen dêrfan foar it ferkear. Direkteur Pier_Groen hat dêr in brief oer skreaun oan it gemeentebestjoer.

De swier beladen frachtweinen fan IJsselmeerbeton en oare bedriuwen op it yndustryterrein sille by it swimbad delride. De kâns op ferkearsûngelokken is grut, seit de direkteur fan it betonfabryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)