Undersyk swimbad Wommels

12 apr 2007 - 13:34

Littenseradiel docht ûndersyk nei de helberens fan in swimbad yn Wommels as ûnderdiel fan in sûnenssintrum. It moat yn septimber klear wêze. Dan sil de gemeente ek in beslút nimme oer de plannen.

It hjoeddeiske swimbad De Klomp giet ein dizze simmer ticht. As it bad noch langer iepen bliuwt, moat der foar 1,4 miljoen euro ferspikere wurde. Safolle wol de gemeente net yn it tritich jier âlde swimbad stekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)