SC Hearrenfean mei FC Grins?

Van der Velde: fúzje is no net oan 'e oarder
As der yn 'e takomst in grutte Europeeske kompetysje ûntstiet en SC Hearrenfean wol dêroan meidwaan dan moat de club mooglik fuseare mei FC Grins. Dat suggerearre âld-foarsitter Riemer van der Velde woansdeitejûn op in foarum yn Grins.
Neffens Van der Velde is sa'n fúzje no hielendal net oan 'e oarder. Mar as jild en tv it fuotbal folslein yn 'e macht krije, soe it yn 'e takomst realiteit wurde kinne.