Mooglik aksjes by Volharding

Staking driigje nei oername Harnzer skipswerf
By skipswerf De Volharding yn Harns driigje aksjes. Eigner Bodewes ferkeapet de werf oan Icon. De fakbûnen wolle no dat der in sosjaal plan komt foar as meiwurkers harren baan kwytreitsje. Fakbûn CNV is dêr benaud foar om't de nije eigner noch net in soad oarders hawwe soe.
Petearen oer in sosjaal plan hawwe oant no ta neat opsmiten. As der foar de simmer gjin dúdlikens is, wurdt der mooglik staakt by De Volharding.