Dief oanhâlden op Wurdumerdyk

© Omrop Fryslân
Op de Wurdumerdyk yn Ljouwert is woansdei in 52-jierrige man oanhâlden op fertinking fan stellerij. Fytssurveillanten waarden roppen foar fjochterij op de Wurdumerdyk. Doe't se dêr kamen, wie de fertochte al troch winkelpersoniel tsjin 'e grûn wurke.
De plysje hat de man fûllearre en fûn yn syn bûsen skearmeskes, deodorant en toskboarstels. It guod is yn beslach nommen en de man is meinommen nei it buro.