36 boetes by ferkearskontrôle

12 apr 2007 - 10:43
Foto: Omrop Fryslân

By in grutte ferkearskontrole yn Frjentsjerteradiel en Harns binne woansdeitemiddei 36 bekeurings útskreaun. Seisentweintich minsken hiene de gordel net om en fiif koene it rydbewiis net sjen litte. Der wiene ek twa minsken dy't achter it stjoer sieten te beljen. Der waard ek in honkbalkneppel yn beslach nommen. Plysjes seagen him yn de auto lizzen, wêrnei't de bestjoerder him frijwillich ynlevere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)