Stellingwarfpop op 2 juny

11 apr 2007 - 22:37

It earste Stellingwerver popfestival sil wêze op sneon 2 juny yn Wolvegea. Der trede dan njoggen bands op, dy't op syn minst ien nûmer yn de streektaal bringe. Der wurde trije jildprizen útdield. Dêrmei wol de organisaasje it brûken fan it Stellingwerfs oanmoedigje.

De Stellingwarver Schrieversronte die begjin dit jier in oprop foar dielnimmende bands. Der wie in soad entûsjasme foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)