'Skûtsje gjin geweld oandwaan'

De Rouwe: maiden speech oer skûtsjes
De nije wet op de binnenskipfeart moat de histoaryske wearde fan skûtsjes gjin geweld oandwaan. Dat hat it Fryske Twadde Keamerlid De Rouwe (CDA) fan Boalsert woansdei sein, yn syn earste taspraak yn de Keamer.
Yn de nije wet stiet in soad oer de feilichheidseasken foar binnenfeartskippen. De Rouwe is benaud dat mei dy easken de histoaryske wearde fan skippen lykas de Fryske skûtsjes yn gefaar komt.