Minister yn sâltwingebiet

Boaiemfersakking kin ta grutte skea yn hûs liede
Minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken kin gjin hurde tasizzings dwaan oan tsjinstanners fan sâltwinning. Wol sei se dat der gau mear dúdlikens komt oer de sifers oer boaiemfersakking. De minister wie woansdei op wurkbesite en hie in petear mei ferskate groepen en bewenners fan it sâltwingebiet.
CDA en PvdA yn provinsjale steaten wolle de sâltwinning stopje. It alternatyf is dan sâlt ûnder it Waad weihelje.