Oppakt foar falske melding

11 apr 2007 - 12:52
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert binne woansdei twa manlju oppakt foar it dwaan fan falske meldingen by it alarmnûmer 112. Meiwurkers fan de meldkeamer fertrouden in tillefoantsje oer in slim ûngelok net, mar stjoerden wol de helptsjinsten der op ôf.

Doe't dy te plak wiene, die yndie bliken dat der gjin ûngelok west hie. De plysje seach wol twa manlju fuortfytsen. Dy koene nei in koarte achterfolging oppakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)