Harnzer rails nei 'Stoomtrein'

11 apr 2007 - 12:26

De stichting Stoomtrein Fryslân krijt freed alle oerstallige spoarrails út de haven fan Harns. De stichting wol oar jier in stoomtrein ride litte tusken Snits en Starum. De spoarrails wurde brûkt om emplacementen oan te lizzen by de stasjons fan Snits en Starum.

Earder krige de stichting foar it selde doel ek al acht kilometer spoar dat op it Ljouwerter bedriuweterrein West lei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)