Soad boetes foar rallyfiskjen

De plysje hat de ôfrûne moannen 35 kear in proses ferbaal jûn oan fiskers dy't yn oertreding wiene. De plysje kontrolearre op it rallyfiskjen. Dat is in soarte wedstryd, wêrby't de fisk yn droege plestik pûden bewarre wurdt.
Mei help fan angelsportferienings waarden goed 400 fiskers kontrolearre. Der binne mear as 1000 fisken yn beslach naam. Fanwege de kontrôles binne de measte rallyfiskers yntusken opholden mei dizze foarm fan fiskjen.