Ljouwert: feilich ûndernimmen

11 apr 2007 - 10:36

Nei Harns hat ek de binnenstêd fan Ljouwert it karmerk feilich ûndernimmen krigen. Dat hâldt yn dat de ûndernimmers mei plysje, brânwacht en gemeente ôfspraken makke ha om de binnenstêd feiliger te krijen.

Neffens ûndernimmersferiening Leon is it karmerk wichtich foar it imago fan Ljouwert as feilige winkelstêd. Neist Harns en Ljouwert wolle ek Snits, Hearrenfean en Eaststellingwerf it sertifikaat ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)