Bettere ôffalskieding nedich

Griis, grien, papier en glês; it giet noch tefolle troch inoar
Friezen moatte har ôffal noch better skiede. Offalferwurker Omrin set dêrom útein mei in wedstryd om de gouden kontener. De Fries dy't it beste syn ôffal skiedt krijt tûzen euro.
Ut ûndersyk fan Omrin hat bliken dien dat de helte fan de Friezen kwalik wat docht oan it skieden fan ôffal. Dat kostet miljoenen euro's. As it smoargens better sorteard wurdt, kin de ferwurking dêrfan goedkeaper en kinne de tariven omleech.