Bilker: rekkene op prinseske

De earste foto fan it nije prinseske (foto Prins van Oranje)
Oranjekenner Bearn Bilker hie wol ferwachte dat prins Willem-Alexander en prinses Máxima in tredde dochter krije soenen. Bilker seit dat yn reaksje op it nijs dat Máxima tiisdeitejûn befallen is fan in famke. It prinseske is 52 sentimeter en weaget goed acht pûn.
Bilker basearre syn ferwachting op it feit dat ek keninginne Beatrix trije bern fan it selde geslacht hat, lykas prinses Margriet.