Skoalbern betinke oarloch

10 apr 2007 - 17:04

Sa'n fyftich skoalbern wiene tiisdeitemiddei oanwêzich by ien fan de earste betinkings fan oarlochsslachtoffers yn Fryslân fan dit jier. Yn Allardseach leine bern fan basisskoallen De Oanrin en Betrouwen út Bakkefean blommen del en liezen se gedichten foar.

De bern stiene stil by it delsjitten fan tsien fersetsstriiders yn 1945, krekt foar de befrijing. Sûnt 1988 wurde se betocht by it monumint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)