Frou Snits fan jild bestellen

10 apr 2007 - 13:42
Foto: Omrop Fryslân

In 21-jierrige ynwenster fan Snits is Peaskemoandei mei geweld bestellen fan har jild. om healwei sânen jûns waard se yn 'e Marktstrjitte oansprutsen troch in ûnbekende man. Hy bedrige de frou mei in mes. De frou joech har jild en de man fytste fuort yn de rjochting fan 'e Nauwe Noarderhoarne.

De man is sawat 30 jier, tusken de 1.80 en 1.90 m. lang en hat in ljochtbrune húdskleur. Hy hie wite skuon en in spikerbroek oan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)